Shedd Aquarium

Shedd Aquarium
  dieretún
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Chicago
adres 1200 South Lake Shore Drive
koördinaten 41°52′04″ N 87°36′50″ W
bysûnderheden
type iepenbier akwarium
oerflak 4 ha
ynh. tanks 19.000 (19 miljoen liter)
tal bisten 32.000 (2022)
tal soarten 1.500 (2022)
besikers 2.020.000 (2015)
netwurk(en) AZA, AMMPA, WAZA
skiednis
ferneamd nei John G. Shedd
iepening 1930
gebou
namme gebou Shedd Aquarium
arsjitekt Graham, Anderson, Probst
   & White
boujier 1927-1929
boustyl neoklassisisme
monumint. status NRHP 1987, NHL 1987
monumintnûmer NRHP 87000820
boukosten $3 miljoen
offisjele webside
www.sheddaquarium.org
kaart
Shedd Aquarium (Chicago)
Shedd Aquarium
Lokaasje fan it Shedd Aquarium yn Chicago.

It Shedd Aquarium (eins it John G. Shedd Aquarium) is in iepenbier akwarium en dolfinarium yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, dat 19 miljoen liter wetter en 32.000 bisten fan 1.500 ûnderskate soarten omfiemet, ynkl. fisken, seesûchdieren, fûgels, slangen, amfibyen en ynsekten. It gie iepen yn 1930 en wie lange tiid it grutste binnendoarakwarium fan 'e wrâld. It wie ek it earste akwarium mei in permaninte kolleksje seefisken dat fier fan 'e see ôf lei. It Shedd Aquarium is fêstige yn 'e binnenstêd fan Chicago, oan South Lake Shore Drive, fuort oan 'e igge fan 'e Michiganmar, en makket mei it deunby steande Field Museum en Adler Planetarium diel út fan 'e Museum Campus Chicago. It wie yn 2005 it bêst besocht akwarium yn 'e Feriene Steaten, yn 2007 de bêste besochte attraksje fan Chicago, en mocht yn 2015 mear as 2 miljoen besikers ferwolkomje. It gebou fan it Shedd Akwarium hat sûnt 1987 de status fan monumint.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy